Simmer 700

Lippenhuzen, in mienskip lykas in protte doarpen. Sânhundert jier tebek hat in tal undernimmende minsken har hjir nei wenjen set. Der wie ferlet fan wurk en iten en dat socht men hjir. Letter kamen hjir mear minsken hinne en dat brocht ek wurk mei.

Sa ûntstie hjir in mienskip, ienfâldich mei in grut ferskaat oan ambachten. Men woe elkoar helpe. Fansels om noflik libje te kinnen mar ek út needsaak, omdat men op elkoar oanwiisd wie. It mienskipslibben wie grut en tekenjend foar in doarp. Mar is dat noch sa. In lytse mienskip is ommers folle mear as destiids in ûnderdiel fan in grutter gehiel en bining is net mear fanselssprekkend.

Wat is der yn Lippenhuzen troch dy jierren hinne feroare? De foarstelling nimt it publyk hjiryn mei. Mei in knypeach, satire en fleur en werkenber foar eltse mienskip. In gewoan doarp mei syn eigen skiednis. Sa no en dan troch mankelyke gefoelens mymerjend oer hoe’t it ea wie. Somtiden opstannich oer de tiid fan no en twifeljend oer wat dy feroaring foar de folgjende generaasje betsjut. Dan wer de kop der foar, omdat in mienskip mei moat mei de tiid.

Wat ‘Simmer 700′ ek sjen lit is dat sa’n teaterproduksje noch altyd mooglik is yn in lytse mienskip. Wat dat oanbelanget is hjir lokkich neat feroare.