Yn it begjin fan 1900 komt der stadichoan it besef dat der neist hurd wurkjen ek tiid komme moat foar oare dingen. Toaniel, sjonge en muzyk meitsje hawwe wy it al oer hân, mar yn dy tiid komme der ek inisjativen om wat oan sport te dwaan. No wie it net sa dat hjir yn Lippenhuzen neat oan sport dien waard, mar dat wienen faak ydlike saken en in soad fan it waar ôfhinklik. Tink mar oan swimmen, urdride as gewoan reedriden, hynsteriden en letter kaam der ek wol ris fytsen by. Eins wie it meastal mear bedoeld as fermaak dan as sport, sa as wy dat no kenne.
Stadichoan komme der yn dy tiid dôchs al wat ferienigingen fan de grûn. Sûnt 1855 koe men yn Den Haach al tennisje en sa’n Tweintich jier letter, yn 1879 wurdt yn Haarlem de earste Fuotbalferiening oprjochte. Ek wienen der doe al ferieningen foar silen en gimmestyk en sûnt 1902 kin men har ek opjaan foar kuorbaljen. Ek yn ús omkriten komt der stadichoan it ien en oar fan de grûn : yn de Gordyk kin men fuotbalje, yn Jobbegea sûnt 1914 en yn de Himrik sûnt 1916 kuorbalje.
Lippenhuzen bliuwt wat efter wat sport oangiet, ja wat hurddrave op hynders mei de merke en ride as der sterk iis wie, dat wie it wol, mar dat sil al oars ! Yn it foarjier fan 1921 sitte yn it doarpskafee fan Anne Mulder Ubele v.d.Meer en kafeehâlder Mulder byinoar te praten oer allerhanne saken en ek oer sport, wêr ‘t beide wol ynteressearre yn binne. Hja fine it spitich dat yn Lippenhuzen neat oan sport dien wurdt en dat soe eins oars moatte. Beide mannen prate dêrnei ek mei oaren oer dit
ûnderwerp en sa komme der noch in pear mannen by, dy ‘t ek fine dat der wol wat barre moat en mei-inoar skriuwe hja in byienkomst út op 22 juny 1921 om der mei oare doarpsgenoaten oer te praten.

Om de sport yn de omlizzende doarpen net dwers te sitten tinkt men der oer om in gimmestykferiening op te rjochtsjen, dan kinne sa wol manlju as froulju en bern meidwaan.Dy jûn jouwe in soad minsken harren op as lid. Der wurdt in yntekenlist oanbean, wêr ‘t genôch op yntekene wurdt om te begjinnen. Mulder stelt syn seal beskikber as oefenromte en bakker v.d.Draai hat der gjin beswier tsjin dat op syn lân sport wurdt. Letter die men dit op it lân fan Siebe Hartmans oan de Boerestreek. Dat mocht fergees en dêrom krige hy as tank elk jier in heal kistje sigaren.
As lieder waard master Bosga oansteld. Dy wie ûnderwizer yn Easterwâlde en kaam mei de tram nei Lippenhuzen, wêr ‘t hy foar it kafee fan Mulder útstappe koe. Nei in goed jier nimt master Hartstra it stokje fan him oer en hâldt dat fol oan ‘t 1956 ta. Om deferiening op gong te helpen wol de pleatslike kûper, Anne de Groot, wol wat ark meitsje sa as hoepels, knotsen en stokken. Foar it gruttere spul koe men in hynder fan Stanfries út de Gordyk liene en in brêge koe men foar net tefolle jild keapje, allinne moast dy wol út Rotterdam komme. De feriening moast fansels ek in namme hawwe en nei in soad hinne en wer gepraat, beslút men om as THOR de wrâld yn te gean. Neffens de sekretaris Sjoerd Eppinga, heit fan Lubbert Eppinga wenjend oan De Buorren, wie dat de ôfkoarting fan Tot Heil Onzer Ribbenkast. As kontribúsje moast elk lid 10 sinten yn ‘e wike betelje en de lieder moast dat inne en byhâlde. Nei in jier die al bliken, dat dy 10 sinten te min wienen en kaam der in stoer by.
No wie gimmestyk doe wat oars asit turnjen fan no. Neist wat turnjen yn de seal waard der ek in soad oan atletyk dien. De earste prizen waarden dan ek op atletyknûmers helle.

Sa stadichoan komt de feriening op gong, al giet it net altyd sa as men it oan ‘t no ta wend wie. Yn it kafee wie mar ien seal en as de iene groep noch dwaande wie, moast de oare groep bûten wachtsje. By moai waar wie dat net sa slim, want by moai waar wie men faak bûten oan it sporten en dan wie it wachtsjen net in probleem. Op it fjild bûten, earst oan de Boerestreek en letter oan it Tsjerkepaad, sawat tsjinoer it nije part fan it tsjerkhôf, die men oan hurdrinnen, heech-en fierspringen, hânbal, fuotbal, slachbal en mear soksoarte dingen. Om’t de souder yn it kafee net sa heech wie, koe men mei in rekstok en ringen net in soad dwaan. Om oefeningen te dwaan, wêr ‘t mear hichte foar nedich wie, makke men efter it kafee in stellaazje, wêr ‘t mei rek en ringen mear mooglik wie.

Elke winter waard der in útfiering holden om de turnprestaasjes oan belangstellenden sjen te litten: ien jûn foar it jongfolk en ien jûn foar de âlderen en meastal wie beide kearen de seal fol ! Men woe ek wol it resultaat sjen litte fan de oefeningen op de rekstok of de hege brêge, mar op it toaniel wie de souder noch leger, dat koe dus net. As oplossing hie men betocht om in grut lûk yn de souder te meitsjen, dan koe men dêr mei de fuotten troch swaaie. In oar foardiel fan sa’n lûk wie, dat men ek maklik in hânstân op in brêge meitsje koe, want dan stienen in pear mannen op souder, dy ‘t de gymnast by de fuotten beet pakten.
Woe men it hiel moai dwaan, dan lutsen de mannen op souder de gymnasten in stikje omheech, sadat de hannen los fan it tastel kamen. Dat wie faak in grut súkses !