Yn de Ljouwerter krante fan 25-5-1927 stie in berjochtsje, dat de gemeente fan doel is om in feroardering te meitsjen foar lisplakken foar wenskippen en steanplakken foar wenweinen. Men tinkt dat der yn Opsterlân in stik as acht plakken foar wenweinen nedich binne. Guon leden fan de gemeenterie fine dat wol wat folle, it soe wol mei wat minder takinne. Nei noch wat hinne en wer gepraat wurdt besletten om earst mar ris yn fiif doarpen plakken foar wenweinen yn te rjochtsjen. Dat sil dan wêze yn Koartsweagen, Oerterp, Himrik, Duerswâlde en by de Trijehoek yn Lippenhuzen. Mei-inoar hat de gemeente 700 gûne útlutsen om dy fiif plakken yn oarder te bringen , botte lúks kin it dan ek net wurde. By de Trijehoek meie dan in stikmannich weinen stean yn de berm tusken de wei nei De Sweach en de tramrails. ( no it fytspaad )

No wienen de wenweiners net in soad lúkse wend en dat krigen hja by de Trijehoek ek net, it ienichste wat men krige wie in stikje romte tusken de beammen, wêr ‘t krekt sa’n wein stean koe. Woe men wetter ha dan wie der gjin kraan as pomp, men moast dan mar in sleat opsykje as by de tichts bywenjende minsken freegje om wetter út de reinwetterbak as pomp. Dy minsken hienen ek leaver dat soarte fan folk net op it hiem, wat ek wol te begripen wie, want it wie ek net altyd it meast fatsoenlike en earlike folk. Men neamde harren faak sigeuners.

In húske ( wc ) wie der ek net, dat koe wol efter in beam as op de pot en dy waard dan ek net al te fier fan de wein ôf lege.

Men hie doe noch gjin auto om de wein te lûken mar in hynder as kêde en dy rommen harren eigen stront ek net op, dat botte hygiënysk wie it der grif net en fris sil it net rûkt hawwe. It is dan ek gjin wûnder dat der klachten fan omwenjenden oer kamen. Yn in gearkomst fan Plaatslik Belang op 18-4-1936 wurdt foarsteld om in brief nei de gemeente te stjoeren mei it fersyk om it kamp by de Trijehoek nei in oar plak oer te bringen. De sekretaris master Bosga, klimt dêrom yn de pinne en makket in moaie brief foar de “ Edelachtbare Raad der gemeente Opsterland. “
Hy skriuwt:
“Dat het woonwagenkamp nabij de Driehoek door het ontbreken van privaten en een goede drinkwatervoorziening uit een oogpunt van hygiëne gezien in een slechte toestand verkeert. Dat het betreffende weggedeelte door allerlei afval en kwalijke luchtjes een steen des aanstoots is voor iedere voorbijganger. Dat genoemd weggedeelte, naar het oordeel van het bestuur van Plaatselijk Belang, door het woonwagenkamp totaal wordt ontsierd. Reden waarom het bestuur voornoemd Uwen Raad beleefd verzoekt het kamp naar elders te willen verplaatsen.
‘t Welk doende, enz. Namens het bestuur van Plaatselik Belang, J. Jelsma voorzitter en J. Bosga secretaris.

De gemeente sil net raar opsjoen hawwe fan dy brief, want it wie harren sels ek al opfallen dat oan dy wenweinkampen nochal wat mis wie. Hja hienen al ris om harren hinne sjoen as der ek in gaadlik plak yn de gemeente wie wêr ‘t dy weinen terjochte koenen. By de Poasen lei noch in stikje heide dat grut genôch wie en dat koe men oankeapje foar in skaplike priis. Boppedat soe it oanlizzen fan sa’n kamp in moai projekt wêze foar jonge wurkleazen. Dan koe men foar net te folle jild in moai kamp meitsje en dan koenen alle oare kampkes yn de gemeente opromme wurde. Der moast fansels riolearing en wegen komme op it terrein, mar dêrfoar moast earst it terrein klear makke, de heide en de struken opromme, der moast in knappe sleat en in beamwâl om it kamp hinne makke wurde. Op de plakken wêr ‘t de weinen stean moasten soe in púnferhurding komme en fierder noch in opmitsele hynstestâl. Foar drinkwetter soe der in put komme, want wetterlieding wie der op dat plak en op in soad oare plakken ek noch net.

Mei-inoar hat de gemeente der 8000 gûne foar útlutsen en dêr kin wat mear foar dien wurde as yndertiid foar de 700 gûne fan de âlde kampkes.

It giet net sa as de gemeente it foar eagen stie. Yn it foarste plak wienen der gjin jonge wurkleazen beskikber en it Ryk fûn in gracht rûnom it kamp net nedich, in stek mei gaas wie wol genôch. No moast der wol in oannimmer ynskeakele wurde om it wurk út te fieren en dat soe wol wat mear kosten meibringe.

Yn 1940 wurdt der in oanbesteging holden wêr ‘t ek in stikmannich Liphúster oannimmers op yn skriuwe. Hja krigen it wurk net, mar de Gebr. Van der Velde út De Gordyk, dy ‘t it wurk dwaan mochten, wienen lykwols yn Lippenhuzen begûn as oannimmer nl. yn in hûs oan it reedsje tsjinoer de Muzykherberch fan Gitta Lichthart by de Trijehoek.

Wy kinne no noch yn ‘e Himrik sjen dat dit kamp der kaam is.