Skiednis fan Lippenhúzen

Troch W. van der Sluis

Noch in stikje oer de oarloch fan 1940-1945

Fan Tsjeard Nijboer, in broer fan Joukje Nijboer en Meintsje van Noordenburg, krige ik in ferslachje fan syn heit Harm, dy ‘t dat tegearre mei Ubele de Vries, heit fan Aaltsje Jongedyk, slachter by de feart, skreaun hat. Hja binne krekt foar it begjin fan de oarloch yn 1939 oproppen en hawwe dêroer wat fan op papier set.

As gefolch fan tanimmende spanningen en oarlochsdrigingen yn it bûtelân, mei namme fan út Dútslân, wêr ‘t Hitler al dwaande wie stikken bûtelân te anneksearjen, waarden op 29 augustus 1939 yn ús lân in grut tal lichtingen tsjinstplichtige soldaten oproppen yn de leeftyd fan 20 oant 30 jier en soms noch âlder en dêr wienen wy by.

Wy binne dy dei yn ‘t Hearrenfean op de trein stapt mei as bestimming Utrecht. Nei in nacht yn in skoalle sliept te hawwen, gyngen wy de oare deis nei Bergen yn Noard Hollân. Dêr waarden wy ûnderbrocht yn hotel De Rustende Jager. Under yn it hotel wienen kelders ynrjochte as sliepplak; gewoanwei waard dy kelder brûkt as kegelbaan. Oant novimber binne wy dêr west en hawwe wat útstapkes makke yn de omjouwing sa as Schoorl, Bergen aan Zee en nei de dunen, in soarte fan fakânsje dus. Doe moasten wy nei Hillegom en kamen terjochte yn filla “Casa Nova “. It ûnderdiel, dat dêr legere wie, bestie út in part fan de tredde divyzje Fjildpostkantoar no. 1 en dêr wienen in protte Friezen, Grinzers en Drinten by. Der wienen ek in pear mannen út Langsweagen, Tjeerd Zonneveld en sersjant Meijer, soan fan de suveldirekteur.

De militêre oefeningen, dy ‘t holden waarden, hienen net folle te betsjutten; der bleau genôch tiid oer foar oare dingen. Yn de winter waard de iisbaan fan Hillegom sniefrij makke en koenen de reedriders út it noarden harren sport beöefenje tusken de keunstriders( sters ) út Hillegom.

De earste moannen fan 1940 bleau it ridlik rêstich, al namen de spanningen yn it bûtelân wol ta.

It gefolch wie, dat ferlof soms ynlutsen waard en in kear moasten wy midden yn de nacht útrukke, bepakt en bewapene om’t foar de kust Ingelske oarlochskippen sjoen wienen. Nederlân woe ommers graach bûten de oarloch bliuwe, krekt as yn de earste wrâldoarloch. Mar der wie neat oan de hân, miskien wie it ek wol in oefening. Ek waarden wy in kear op wei nei hûs mei ferlof yn Zwolle tsjin holden en moasten wy wer werom.

Begjin april en ek al ein maart 1940 seagen wy yn de nacht somtiden ljochtkûgels. Men naam oan, dat dit in soarte fan berjochten oan spionnen wienen, as oan oanhingers fan de Dútsers.

De oarlochsdriging waard grutter en grutter en op 10 maaie waarden wy wekker fan geronk fan fleantugen. Wy klommen op it dak fan de filla om better sjen te kinnen wat der oan de hân wie en seagen net fier ôf in leech fleanende bommewerper mei in hakekrús derop en doe wisten wy wol genôch. Oarloch !!!

Wy krigen opdracht om ús klear te meitsjen, om nei it fleanfjild Valkenburg, tusken Oegstgeest en Wassenaar te gean om dêr de striid oan te gean mei Dútse parasjutisten. Earst binne wy nei de omkriten fan Sassenheim rûn en hawwe dêr de nacht yn broeikassen trochbrocht. De oare deis wer fierder rjochting fleanfjild en ûnderweis seagen wy al de earste slimme gefolgen fan de striid.

Wy kamen lâns in bus, dy ‘t rekke wie troch in Dútse brânbom. Dy bus siet fol mei jonge soldaten en net ien dy ‘t dat oerlibbe hie, ferskriklik om te sjen.

De jûns kamen wy tichte by it fleanfjild oan en krigen te hearren dat der sa’n 1500 oant 2000 Dútse parasjutisten leinen. Wy hawwe ús wat yn de berm yngroeven om dy Dútsers, dy ‘t sa’n 500 oant 1000 meter fan ús ôfleinen yn betwang te hâlden. It wienen tige benaude dagen, geregeldwei fleagen de kûgels ús om de earen en waarden wy besketten fan út de loft; de kûgels kamen somtiden tichte by ús yn de grûn. Wy seagen swarte reekwolken yn ‘e loft fan Rotterdam en ek út de rjochting fan Amsterdam.

Yn de earste oarlochsdagen binne hjir en op it fleanfjild frijwat Dútse en Nederlânske soldaten om it libben kaam, mar wûnder boppe wûnder binne fan ús rezjimint soldaten, bewenners fan ” Casa

Nova “, gjin jonges sneuvele. It wienen oan ‘t de kapitulaasje op 14 maaie hiele spannende dagen , ek al om ‘t wy net allinne fanôf it fleanfjild besketten waarden, mar ek fan út in liny efter ús troch eigen soldaten. De kommunikaasje tusken de troepen wie net bêst en ek de útrissings wie fan minne kwaliteit,: gewearen, dy ‘t nei ien skot al ûnbrûkber wienen en mear sokke dingen.

Nei de kapitulaasje op 14 maaie hat neigenôch de hiele kompanjy de wapens yn de Alde Rijn smiten, mar dy moasten wy fan de Dútsers der letter wer út fiskje, doe ‘t wy kriichsgefangenen makke wienen. Oer it algemien hawwe de Dútsers ús goed en mei respekt behannele en koenen wy letter as saneamde ” vrije krijgsgevangenen ” wer nei hûs, ta opluchting fan de beide famyljes, dy ‘t sa’n fjirtjin dagen net wisten hoe as it mei ús wie.

Wy slute dit stikje ôf mei de wink, dat wy soks nea wer meimeitsje hoege.

Harm Nijboer en Ubele de Vries

Wytse