Skiednis fan Lippenhúzen

Troch W. van der Sluis

Famylje Lageveen 4

Foar Sake en Bontsje wie it in hiele toer om alle dagen genôch iten op tafel te krijen, want hast alles wie op de bon en de ûnderdûkers hienen gjin bonkaarten. Mei help fan de ûndergrûnse ( it ferset ) krigen hja sa no en dan fleis. Ek koe mei harren help op yllegale wize ekstra stroom en gas regele wurde en yn de winkel koe ek wol ris wat sjoemele wurde en sa koe elk mei pine en muoite syn of har gerak krije.

Ien, dy ‘t him tige ynset hat foar de famylje Lageveen om harren yn ‘e mjitte te kommen, wie Hindrik Klazema fan it postkantoar. Hy wie ien fan de foarmannen fan it ferset en troch syn bemiddeling koe der wat oan ekstra iten, stroom en gas dien wurde.

Ab en Gré hawwe harren ek nuttich makke troch û. o. nachts nei de Ingelske radio te lústerjen en dêr ferslach fan te dwaan. Dat lústerjen wie troch de Dútsers strikt ferbean. ( sjoch knipsel ) Op in âlde typmasine typte Gré dat út en ien kear yn de twa wiken waard dit ferspraat. Dat typen moast nei slutingstiid fan de winkel gebeure, oars koe men dat hearre en sels dan stie Sake yn de doar om út te sjen as alles wol feilich wie. It stinseljen fan dy ferslaggen soe Ab ek dwaan, mar dat wie te riskant, dat is doe by bakker Mast oan de oare kant fan de wei dien.

Ab koe hiel goed tekenje en dêr koe de ûndergrûnse gebrûk fan meitsje , want dy hienen geregeldwei persoansbewizen en oare offisjele papieren nedich en dêr hat Ab him mei dwaande holden.

It wienen spannende, hiele spannende tiden, der hoegde ek mar wat mis te gean, dan koe dat harren libben kostje. Ek al wisten ferskate buorlju en oaren fan de situaasje, it is oan ‘t it ein ta goed gien. Ab koe ek hiel goed skilderje. In pear Liphústers binne noch yn it besit fan wurk fan him. Sa hat Sjoerd Eppinga, Lubbert Eppinga syn heit, yndertiid in wurkje fan him krigen en Klazema en Albert Faber, de heit fan Wobbe Faber. Allegearre as tank foar de stipe, dy hja fan harren krigen. Faber krige dat, om ‘t Ab en Gré sa no en dan stikem by de Fabers lâns kamen om ris wat oar praat te hawwen. Trochdat de beide tunen oanelkoar grinzen koe dit by donker sûnder al te grutte risiko’s.

It wie foar Ab en Gré in hiele opluchting, doe ‘t de Kanadezen midden april 1945 mei harren tanks en auto’s troch de Buorren riden mei foar harren út, kloften, in stik minder heldhaftige,Dútsers.

Foaral foar Bontsje wie de tiid fan grutte spanning foarby. Ab en Gré koenen by it militêr gesach yn de Sweach oan it wurk en wienen graach by Lageveen yn de kost bleaun.

Bontsje koe dat net mear oan: hja wie gewoan op troch alle spanningen. Hja hie rêst nedich om alles in plakje jaan te kinnen, eindlik mei harren eigen húshâlding allinne wêze.

Ab en Gré hawwe dat net goed begripe kind en de ferhâlding, dy ‘t eins altyd goed west wie, waard dêrtroch foargoed bedoarn.

Doe ‘t de Dútsers fuort wienen, bleauwen de NSBers en harren sympatisanten efter. Dy waarden oppakt en foar dizze omkriten ûnderbrocht yn it wurkkamp by Sparjeburd yn de Himrik. Ek de boargemaster fan Opsterlân waard oppakt fanwege syn Dútse sympatyen. Hy fûn sels, dat hy it net sa min yn de oarlochstiid dien hie, want hy wist bygelyks dat der by Sake Lageveen wat oan de hân wie fanwege it hege gas- en stroomgebrûk en dêr hie hy gjin wurk fan makke.

Sake koe yn it kamp yn de Himrik wurk krije as foerier menagemaster en dat hat hy mei nocht dien. Letter, doe ‘t de measten harren straftiid om hienen waard it kamp sletten en koe hy yn Hoogeveen en letter yn Nunspeet itselde wurk dwaan.

Yn 1949 waard ek dit lêste kamp sluten en wie Sake wurkleas en boppedat: hy hie ek net in fak leard. Yn de winkel siet gjin brea mear, dat dêr wienen hja al mei stoppe.

Nei wat sykjen om wurk, koe hy yn Terwispel yn de tsiismakkerij oan de slach. Dêr hat hy noch de nedige diploma’s helle. Om profyt fan dy diploma’s te hawwen, sollisitearre hy nei Ruinen, letter nei Elsloo en yn Easterwâlde waard hy sjef fan de tsiismakkerij. Neist syn wurk wie hy ek tige aktyf yn de fakbûn en de polityk en wie lid fan de gemeenterie yn Eaststellingwerf.

Yn 1989 is Bontsje ferstoarn, yn 1994 hat Sake syn libbensferhaal op papier set en nei oardel jier Rikkingahof is Sake op 2 septimber 2000 ferstoarn.

Wytse