Selecteer een pagina

Skiednis fan Lippenhúzen

Troch W. van der Sluis

Famylje Lageveen 3

Sa hienen hja foar de twadde kear in winkel yn Lippenhuzen, mar doe wienen de omstannichheden en de foarútsichten net geweldich. It wie in toer om de winkelfoarrie op peil te hâlden fanwege de oarloch. Der wie net sa’n soad te krijen en wat der yn ‘e winkel stie, wie ek net bêst fan kwaliteit.

In gelok wie, dat de hier net sa heech wie, mar dat kaam ek mear trochdat der begripeliker wize hast gjin belangstelling foar sa’n winkel wie. Mar goed it hûs hie gas en elektrysk en in tún, mar gjin wetterlieding. De hierbaas hie der gjin jild foaroer, ek al hie hy fan de gemeente oansizzen krigen om dat wol oan te lizzen.

Foaral mei de lytse poppe joech dat wol swierrichheden, want geregeldwei wie de reintonne leech en moast Sake nei de buorlju om wetter te heljen.

Namen de soargen mei twa lytse bern al ta, it waard noch slimmer.

Op in dei kaam oerbuorman Michiel Eppinga, fytsmakker, by harren oft hja net in pear kostgongers ha koenen. Dat wie net samar wat. Sa grut wie it hûs net en dêr kaam by dat it in Joadsk echtpear wie. Dat wie doe in hiel grut risiko, want net ien mocht soks witte en kaam it al út, dan wist men net oft men dat wol oerlibbe.

Sake en Bontje hawwe der goed oer neitocht, dogge wy it wol as dogge wy it net. Der wienen folle mear redenen om it net te dwaan as om it wol te dwaan, mar, en dêr hienen hja it wol ris faker oer hân, de situaasje, wêr ‘t de joaden yn sieten wie net te fergelykjen mei harres. It wie al in wûnder, dat hja hjir noch wienen, want in pear dagen lyn, wienen hja yn Snits mei in hiel soad gelok oan in razzia ûntkaam. In protte famylje fan harren hie minder gelok en wienen oppakt en op in trein set nei in konsintraasjekamp en binne letter net werom kaam.

Hja hawwe alles oerwage, want mei in winkel kamen der dôchs geregeldwei minsken oer de flier en mei twa lytse bern, wêrfan ‘t Fokje fan fjouwer jier maklik dingen sizze koe wat problemen jaan koe en dêrom wie it bysûnder moedich om it dôchs te dwaan .

Ein 1943 kamen de twa Joadske minsken Ab en Gré by de famylje Lageveen yn hûs en al ridlik gau kamen hja der efter hoe dreech it wie om twa minsken fan deselde leeftyd as Sake en Bontsje 24 oeren deis yn hûs te hawwen.

Oerdei wie der foar Ab en Gré oars gjin plak as yn de hûskeamer en dy siet deun oan de wei en stiif tsjin de winkel oan. Kaam der in klant yn ‘e winkel, dan moast it deastil yn de keamer wêze. Der wienen noch bedsteden yn de keamer en dêr moasten Ab en Gré yn, as der kâns wie, dat in frjemde yn de keamer wêze moast. Fanôf de wei moast it net mooglik wêze, dat men yn de keamer sjen koe. Dêrom moast de fitraazje de hiele dei ticht. Op souder koenen de minsken ek net, want dat wie in iepen romte sûnder ferwaarming en ljocht.

Yn de winkel waard al ris frege, wêrom ‘t de gerdinen de hiele dei ticht sieten. Dêr kin men dan wol ris in kear in ferhaaltsje foar betinke, mar dat kin net elke kear en ek foel it op dat der faak in soad wask oan de line hong.

Dat sa koe it net, sa wie it net fol te hâlden, der moast in oplossing komme. Mei minsken fan it ferset is doe praat oer de mooglikheden. As der op souder in keammerke makke wurde koe, dan soe it wol in stik makliker wêze. Ofpraat is doe, dat der mei de húseigner oerlein wurde sil as dat mooglik is, mar dy woe der neat fan witte. Dêr hie hy gjin jild foar oer, ek net doe ‘t sein waard dat it foar de sûnens fan Fokje eins needsakelik wie. As Sake dat sa nedich fûn, dan moast hy it mar op eigen kosten dwaan.

Sake hie dêr it jild net foar, mar yn oerlis mei it ferset wie timmerman Sjoerd Eppinga ( de pake fan Jan Harm ) genegen om dat foar elkoar te meitsjen. Hoewol ‘t Eppinga mei de situaasje op de hichte wie, soe it dôchs better wêze, dat de ûnderdûkers tydlik in oar ûnderdak krigen.

Dat ûnderdak waard fûn by de feart, wêr, dat wit ik net krekt, mar om ‘t Lageveen wol kontakten mei v.d.Tuin hie, tink ik, dat it dêr west hat.

Nei trije wike wie it keammerke klear en net allinne dat, Eppinga hie boppedat in skûlplak makke, sadat as de need oan de man kaam, Ab en Gré harren ferstopje koenen.

Ab en Gré kamen wer werom, de gerdinen koenen oerdei iepen, mar it probleem fan de protte wask bleau.

Ek dat waard oplost. In master fan de legere skoalle, Durk van der Duim, socht in kosthûs en as dy no ris by Sake en Bontsje kaam, dan koe men yn elk gefal sizze, dat master tige skjin op himsels wie en faak skjinne klean oan die. Master van der Duim wie mei de situaasje op de hichte en hie gjin beswier.

As der guon ’t binne, dy ’t dêrop minsken herkenne, wol hy dat graach witte. As jimme my berjocht dogge, stjoer ik it wol troch. ( wytsevds@gmail.com )

Wytse