Skiednis fan Lippenhúzen

Troch W. van der Sluis

Famylje Lageveen 2

Doe ’t Sake sa’n jier as tweintich wie, kaam hy op in skoalfeest yn Koartsweagen in famke tsjin, wêr ‘t hy wol nocht oan hie en hja ek wol oan him: dus dat waard ferkearing.

It famke, Bontje Geertsma kaam út De Himrik en wie in dochter fan in boere-arbeider.

Op himsels is dêr neat mis mei, allinne wie it doe faak sa, dat in boere-arbeider geregeldwei fan boer feroare en dat wie ek it gefal mei Bontje har heit. Doe ‘t Bontje 13 jier wie, hie hja dan ek al ferskate skoallen hân. Fierder leare siet der net yn en sa ferhûze hja mei har âlders nei Alde Miede by Ljouwert. Har heit koe dêr oan it wurk by in boer en Bontje waard boerefaam by deselde boer. It folgjende wurkplak wie by Sint Nyk en doe nei Wieuwerd, Oranjewâld, Skeanegoutum en dêrnei nei Eindhoven, wêr ‘t de hiele húshâlding, heit mei 5 jongens, 3 susters en Bontje, by Philips oan it wurk koe. Ek dêr duorre it net sa lang, want it wie begjin tritiger jierren en troch de krisis rûn it wurk by Philips ek tebek.

Tydlik hawwe hja doe in hûs yn Lippenhuzen hierd om hjir rûn te sjen om wurk en dat slagge yn De Himrik. In pear jier letter, yn 1933, koe har heit wurk yn Dútslân krije, mar Bontje hie gjin nocht om dêr mei hinne te gean en bleau hjir as boerefaam.

Net lang dêrnei seach Sake, dat yn Lippenhuzen in winkeltsje te hier wie en om ‘t hja wol hast oan trouwen ta wienen, seagen hja dat as in kâns om dêr te begjinnen.

No wist hy wol, dat der net safolle mei te fertsjinjen wie, want der wienen genôch winkeltsjes yn Lippenhuzen, mar hja weagen it derop.

Yn oktober 1935 trouden hja en fan it lytse bytsje jild, dat hja mei har beiden sparre hienen, moast in winkelfoarrie oanskaft wurde en noch húsrie. Foar it meubilêr bleau der net sa’n soad jild mear oer: in tafel, bêd en in pear stuollen, dat wie it wol. Foar in kachel wie gjin jild. Lokkich koe Sake in lyts stookpotsje op ‘e kop tikje, dat hja koenen dôchs waarm sitte.

Sa wienen hja ynienen winkelju sûnder inkele ûnderfining: hoe ‘t in pûde sûker ticht teard wurde, moasten hja noch leare.

Fjouwer jier hawwe hja it hjir folholden, troch krisis en konkurrinsje wie it net mear op te bringen, al hoe sunich hja libben en hoe bot hja harren bêst dienen. Sels moasten hja der omtinke dat der gjin bern kamen, want dat wie finansjeel net op te bringen.

No moast der wer omsjoen wurde nei oar wurk. In mooglikheid wie om krekt as Bontje har âlders nei Dútslân ta, mar fanwege it faksisme en joadeferfolgingen woenen hja dat perfoarst net. De rêding kaam út De Himrik. Yn de filla ( no koetshús ) wenne Hein Welling, in frijgeselle feedokter en dy frege in echtpear foar ynwenning. De frou foar it itensieden en húshâldlik wurk en de man foar it fersoargjen fan in stikmannich kij .

It like knipt foar harren, boppedat koe Sake syn klanten fan de winkel ek noch betsjinje en sa moai hienen hja noch nea wenne ! Hja seagen it dêr wol sitten en it gefolch dêrfan wie, dat al ridlik gau der gesinsútwreiding kaam yn de foarm fan dochter Fokje.

Sake krige ek noch in baantsje as kantoarhâlder fan it stimpellokaal yn De Himrik. Wurkleazen moasten elke wurkdei mei harren wurkleazenkaart nei dat kantoar om in stimpel op te heljen. Dat moast gebeure op in fêststelde tiid, dy ‘t geregeldwei feroare, om foar te kommen, dat der byfertsjinne waard. Kamen hja net op de fêststelde oere, dan krigen hja gjin stimpel en allinne op in folle stimpelkaart krigen hja in útkearing fan sa’n 6 oant 9 gûne yn ‘e wike, ôfhinklik fan de gesinsgrutte.

Doe ‘t op 10 maaie 1940 de Dútsers hjir binnenfoelen, waard it kantoar sluten , want wurkleazens wie net nedich neffens de Dútsers. De mannen koenen wol yn fabriken yn Dútslân oan de slach en oars wol yn Ljouwert om oan it fleanfjild te wurkjen.

Mar sa as it wol faker yn it libben giet: it like sa moai yn it begjin, mar letter as men elkoar wat better kinnen leard, komt der spul en dat wie hjir ek sa.

De karakters fan de feedokter en de Lageveentsjes pasten net byelkoar.

Yn 1942, midden yn de oarloch, kaam yn Lippenhuzen wer in winkeltsje frij, wêr ‘t fierder gjin belangstelling foar wie en doe hawwe hja besletten om harren dôchs ridlik komfortabel bestean op te jaan en yn te ruiljen tsjin in ûnwisse takomst as winkelman yn Lippenhuzen. Unwis wie it doe foar elkenien, mar ek foar in winkelman. Der wie net safolle te krijen en in soad wie op de bon, dat betsjutte in hiele protte wurk foar in bytsje fertsjinst.

En it waard der net rommer op doe ‘t it gesin útwreide waard mei in soan Anne, lokkich in sûne jonge.

As der guon ’t binne, dy ’t dêrop minsken herkenne, wol hy dat graach witte. As jimme my berjocht dogge, stjoer ik it wol troch. ( wytsevds@gmail.com )

Wytse