Doe ’t op 3-1-1956 de sportferiening Thor in feit wie mei in ôfdieling gimmestyk, follybal en fuotbal, sieten de ôfdielingen gimmestyk en follybal sûnder lieder, der moast oefenromte komme, de fuotbal moast in fjild en in trener hawwe en boppedat moast der in nij bestjoer komme. It bestjoer wie al ridlik gau klear. Sietse Broersma waard foarsitter, Klaas Tuinstra twadde foarsitter, Wiebe Nijdam skriuwer, Jacob de Glee ( heit fan Uilkje Groothof en Henk de Glee ) soe him mei de jildsaken rêde en Gouke Veenstra makke it bestjoer foltallich. Broersma wie ek genegen de follybaltreningen te dwaan en as oefenromte koe men gebrûk meitsje fan de âlde meniste ( doopsgezinde ) tsjerke, wêr ‘t ek de beukerskoalle yn siet en de gimmestyk sûnt 1948 yn oefene. ( gebou by Buorren 100 )
Foar follybal wie it eins te lyts, mar it wie better as neat. Slûswachter Wiebe Looijenga woe wol follybalnetten meitsje en sa koe dy ôfdieling starte mei in hearen- en damesgroep. As gimmestyklieder waard tydlik de hear Slagter út de Sweach oanlutsen, mar al ridlik gau slagge it om in fêste krêft binnen te heljen, de hear Runneboom. It die de gimmestykôfdieling goed, want it ledetal gyng yn in pear moanne tiid mei sa’n tritich omheech.
Ek mei de fuotbal kaam it klear. Jelle Baukema, dy ‘t op de buorkerij fan no Folkert en Grytsje de Vries buorke, koe in stik lân njonken de pleats wol misse. Dat lân wie eigendom fan de widdo Baron van Harinxma thoe Slooten en dy hie der ek gjin beswier tsjin, allinne moast de gemeente it hiere foar f 150,– yn ‘t jier. Thor koe dit dan wer foar itselde bedrach fan de gemeente hiere. De baronesse wie blykber bang dat de sportferiening wat minder krekt mei it beteljen wêze soe. Paulusma, dy ‘t yn it hûs fan no Lubbert Eppinga oan de Buorren wenne, die in pear goals kado en by Baukema efter de buorkerij stie in hokje en dat mocht ynrjochte wurde as klaaihok en yn de pauze waard der soarge foar in tsjettel mei tee.
De fuotbalôfdieling koe starte mei fjouwer alvetallen: twa senioaren en twa junioaren.
In echte trener wie der net, mar Albert Faber, de heit fan Wobbe Faber, wie in echte fuotbalman en dy woe dat yn earste ynstânsje wol dwaan. In jier letter nimt Rintsje Nauta út de Gordyk, Albert Faber syn wurk oer.
It fuotbalfjild wie fansels in stik boerelân mei greppels en hichten en lichten. Mei man en macht hat men yn de betide maitiid fan 1956 foaral op saterdeis en jûns dwaande west om it fjild akseptabel te krijen en dat slagge en sa koe op 23-4-1956 it fjild by de wettertoer feestlik iepene wurde mei in seleksjewedstryd foar in FVB alvetal.
Wol wie it sa, dat men graach oer in better fjild mei in apart treningsfjild beskikke woe, mar dat siet der doe noch net yn. Op it gemeentehûs lei wol in bestimmingsplan foar útwreiding fan Lippenhuzen, en de earste wenningen oan de yntusken ôfdamme Buorsterwyk wienen yn oanbou, mar in nij sportfjild, dat ek yn it bestimmingsplan stie, bleau foartearst inkel in plan.
Yn 1957 komt der noch in takke fan sport by de feriening: n.l. skutjasse. Men hie der gjin oefenmaster as lokaal foar nedich, dat koe wol yn in kafee en dy wienen der doe noch wol yn Lippenhuzen. De start wie by kafee Lingsma by de slûs.
In jier as wat letter yn 1962 kriget Lippenhuzen in nije skoalle oan de Buorsterwyk en kaam de âlde skoalle út 1885 leech te stean. In pear timmerlju hienen it gebou ris oer sjoen en seagen wol mooglikheden om dêr in doarpshûs fan te meitsjen, wêr ‘t ek de gimmestyk en follybal mei út de fuotten koenen. Fan trije lokalen waard ien romte makke mei in toaniel en de beide oare koenen as fergaderromte en biblioteek brûkt wurde. De ferbou mei tsientallen frijwilligers duorre, troch alle rompslomp mei oerdracht, fergunningen, finânsjes ensfh. langer as tocht, mar yn novimber 1964 koe it dôchs feestlik iepene wurde.
De follybal hie no aardich mear romte, allinne de souder wie oan de lege kant, sadat men letter nei in sporthal yn de Gordyk gien is.
Ek de legere skoalle, dy ‘t jierrenlang fan it doarpshûs gebrûk makke hat, moast troch nije rigels út Den Haach de lêste jierren de bern mei bussen nei de Gordyk bringe. As master Hartstra dit heard hie, draaide hy him om yn syn grêf. Sûnde fan alle ferlerne tiid !
In ljochtpunt foar Thor wie dat de útfiering fan it bestimmingsplan safier foardere wie, dat yn 1969 in nij sportfjild mei oefenfjild oanlein waard. Eins moast der ek klaairomte en in kantine komme en dêr hie de gemeente noch wol in plan foar lizzen. As de sportferiening it wurk die, dan levere de gemeente de materialen. In moai oanbod, allinne it soe dan in houten gebou wurde. It bestjoer woe eins wol in stiennen gebou, want as men wat die, koe men it daliks better mar goed dwaan. Lykwols dan moast der wol mear jild op it kleed komme…..
No dat soe men besykje. Mei allerhanne aksjes, sa as grûnwurk foar âlderenwenningen, patat en woarst ferkeapje mei it Liphústerfeest, lotterij, bazar, âld papier ophelje en noch folle mear. It jild kaam der ! !
Ek de ûndertusken oprjochte supportersklup hat tige holpen en sa is mei ynset fan in hiel soad minsken der in kreaze kantine kaam, dy ‘t op 1 novimber 1969 iepene waard tagelyk mei it sportfjild. Mei noch in oare aksje kaam der in spilersbuske, dy ‘t it in pear jier folholden hat en as kroan op it wurk in ljochtynstallaasje sa as dy yn Fryslân allinne by Cambuur foarkaam