In oare feriening, dy ‘t de belangen fan boeren tsjinje wol is de op 18 maart 1911 oprjochte Boerenlienbank. Yn 2002 ha ik der ek al oandacht oan jûn. De oprjochting fûn plak yn de herberch fan Simon Meintes Jelsma, it doarpskafee yn de Buorren, dat om 1970 hinne ôfbrutsen is om plak te meitsjen foar de Marten Janswei. Op 18 maart wienen der 41 minsken oanwêzich, wêrfan ‘t 15 boer wienen en de oaren fan allerhanne oare beroppen. It doe keazen bestjoer bestie wol út boeren en de rie fan tafersjoch ek op ien nei. As kassier waard Karel Biesma beneamd. Hy wie ûnderwizer hjir oan skoalle en neist foarsitter fan Plaatslik Belang siet hy ek yn tal fan oare bestjoeren, mar dit koe hy der noch wol by dwaan. No wie de bank ek mar twa kear in oere yn de wike iepen en hy hie de bank oan hûs. Dat hûs stie njonken de radiosaak fan Rinsma, no stiet der in nij hûs. Oan ‘t 1934 is Biesma kassier, dêrnei komt Wieberen de Boer, dy ‘t foar eigen rekken in hûs mei kantoarromte bouwe lit yn ‘e Buorren, no wennet fam. van Riezen dêr. Yn 1960 komt yn De Gordyk yn gearwurking mei de bank fan Terwispel in bykantoar en dy groeit út ta haadkantoar foar dizze omjouwing en is Lippenhuzen in bykantoar fan de Gordyk. Yn 1983 kriget Lippenhuzen noch wol in nij bankgebou, mar op 1 febrewaris 2002 draait Nico Weitenberg as lêste behearder dêr de doar op slot.

It wienen net allinne boeren, dy ‘t harren ferienigen, ek de arbeiders dienen dat. Yn 1881 wurdt de “ Sociaal Democratische Bond “ oprjochte om de posysje fan de arbeiders te ferbetterjen. Dernjonken wurdt yn 1884 de “ Sociaal Democratische Arbeiders Partij “ stichte.

Lippenhuzen hat ek in ôfdieling fan dy SDAP hân. Jierrenlang hat de Pake fan Lubbert Eppinga ( fan beide ) ek in Lubbert, as fertsjintwurdiger fan dy SDAP yn de gemeenterie sitten, fan 1917 oant 1934 en dêrfan in grut tal jierren as wethâlder. Yn de lêste oarloch is de partij ferbean en dêrnei is de Partij fan de Arbeid oprjochte. Lippenhuzen rjochtet ek in ôfdieling op en wol yn april 1946. No hat elk doarp gjin eigen ôfdieling mear, mar wurket men op gemeentelik nivo. Neist in ôfdieling fan de PvdA binne der krekt nei de oarloch mear partijen, dy ‘t harren ynsette foar wurknimmers. Sa is hjir in ôfdieling fan de ANAB, de
“ Algemene Nederlandse Agrarische Bedrijfsbond “ foar de agraryske beroppen. Dy hat funksjonearre tusken 1945 en 1970 , alteast wat de ôfdieling yn Lippenhuzen oangiet. Foar de oarloch waarden de lânarbeiders hjir sûnt 1929 fertsjintwurdige troch de “ Nederlandse Bond van Arbeiders “. Dan wie der ek noch in saneamde “ Vereniging van Vrienden van de Waarheid “ ôfdieling yn Lippenhuzen-Himrik, in ferieniging mei in soad sympaty foar it kommunisme yn Ruslân. Itselde kin sein wurde fan de ôfdieling EVC,
“ Eenheids Vak Centrale “ , de fakbeweging fan de CPN, de Kommunistyske Partij.
Neist Thor binne der noch in pear ferieningen west, dy ‘t wat oare sporten beöefenen. Sa rjochtet master Snakenburg, ûnderwizer hjir oan skoalle, yn 1938 in skaakklup op, dy ‘t yn it kafee op ‘e Trijehoek harren oefenjûnen holden. De oarloch betsjutte it ein fan dizze klup. Yn 1963 wurdt yn itselde kafee sjitferiening “ Yn de Roas “ oprjochte. In soad jierren hat de sjitterij net duorre, mar lang genôch foar Siep van der Let om dêr, as bêste skutter in wikselbeker fan oer te hâlden.

No binne der geregeld yn it Doarphûs in ploech minsken oan it biljerten ûnder lieding fan Wobbe Faber, mar al yn 1956 wurdt, ek al wer by de Trijehoek, in biljertferiening ûnder de namme “ De Pomerans ’56 “ oprjochte ( pomerans is it stjitknopke op de keu ) en yn 1990 as “ De Pomerans ’56 “ al wer lang ter sile is, wurdt yn kafee Krist, no restaurant “ Samen Eten “ ek in biljertferiening oprjochte mei de namme “ It Trijke “ , mar ek dy is der al lang net mear.
Yn it ikenboskje by de Slûsleane efter it hûs fan Rozenkamp hie de jeugd in fytskrossbaan oanlein ( 1962-1963 ) en dêr organisearren hja wedstriden foar fytsen yn trije klassen: foar de jongsten de 125 cc klasse, foar wat âlderen de 250 cc klasse en foar de âldste jeugd de 500 cc klasse. ( men fytste op gewoane fytsen, mar der waard krekt dien as it motors
wienen. ) De wedstriden lutsen net allinne dielnimmers út Lippenhuzen, mar ek út de omkriten sa as Donkerbroek, Makkingea, Hoarnstersweach en oare omlizzende doarpen. Hoewol ‘t de measte prizen nei koereurs bûten it doarp gyngen, wienen der ek Liphústers mei fette prizen. Sa komt Sjoerd Idzenga in pear kear op it eare podium, mar ek Anne Jonker, Jan Foppes, Wobbe Faber en myn broer Wiebe van der Sluis. By de froulju wienen de prizen û. o. foar Aaltsje Jongedyk, Uilkje Groothof, Hennie Mulder ( suster fan Wietze Mulder ) en Janke de Vries ( suster fan Roelie de Jong ). Nei in jier as fjouwer wienen crosswedstriden op de “ Ikelbaan “ ek al wer skiednis.