De rige oer Plaatslik Belang wol ik ôfslute mei in oersjoch fan allerhanne ferieningen, dy ‘t njonken Plaatslik Belang yn Lippenhuzen besteane as bestien hawwe.
Fan in oantal haw ik al ris it ien en oar skreaun, fan oaren is net in soad te skriuwen, om’t hja mar koart bestien hawwe en der kinne ek bêst in pear wêze, dy ‘t my net bekend binne.
Foar 1900 binne der noch net in soad ferieningen, it measte wat yn Lippenhuzen bart, giet fia Plaatslik Belang, sa as it feest, de merke, it hurddraven,it reedriden en de biblioteek.
Mar dêrneist binne der noch wat oare aktiviteiten sa as de “Maatschappij tot Nut van het Algemeen “. Dit jier bestiet yn de Gordyk dizze feriening 200 jier, dus al sûnt 1815. In oantal Liphústers wienen lid fan dy feriening en oft hja it dêr net goed nei ‘t sin hienen, wit ik net, mar yn 1859 rjochtsje hja hjir yn Lippenhuzen in eigen departemint op, wêrby ‘t ek in oantal leden út Terwispel, Himrik en Weinterp harren oanslute. In oantal jierren funksjonearret de feriening goed, letter waard dat minder en yn 1882 falt it doek. In feriening, dy ‘t faaks bydroegen hat oan it ferdwinen fan it Nut út ús doarp is it resitearkolleezje “ Uitspanning en Beschaving “, koartwei U en B, oprjochte yn 1865 .It doel fan U en B is dan ek te fergelykjen mei dat fan it Nut en yn de taal fan dy tiid stiet dat moai beskreaun.
“ Het doel van de vereniging zal zijn om door onderlinge samenkomsten, door voordrachten en gesprekken zich zelven te oefenen en zoodoende de zucht tot het goede en schoone bij de leden aan te kweken en door het houden van openbare toneelvoorstellingen etcetera binnen en buiten onzer kring uitspanning te verschaffen en daardoor beschaving te bevorderen ”.

Krekt as by it Nut wienen ek hjir allinne mannen lid en waarden nije leden earst troch it bestjoer beoardield foar ‘t hja talitten waarden. In soad Liphústers wienen dan ek gjin lid fan U en B. U en B hat it lang folholden, letter gewoan as toanielferiening, mar om 1950 hinne falt ek dêr it doek.
Wêr ‘t wol alle Liphústers, alteast wat de mannen oangiet, lid fan wienen en ek lid fan wêze moasten, wienen de buertferienings. It doel fan dy feriening wie it regeljen fan begraffenissen. Yn de Harker fan maart ha ik dêr oer skreaun. Yn Lippenhuzen wienen ferskate buertferienings: by de Feart û. o. Vosseburen en Haneburen , yn ‘e Buorren Oosterbuert, Middelbuert en Kerkbuert en miskien noch wol mear. By de Trijehoek wie ien en by de Bûtewei wierskynlik ek wol ien as twa.
Yn 1914 hâlde dy buertferienings op te bestean om ‘t troch in nije wet op it begraven de begraffenisferiening “ De Laatste Eer “ harren wurk oernimt.
Om 1900 hinne komme der stadichoan wat mear ferieningen fan de grûn, foaral op it boeregebiet. Dat is net sa frjemd, want doe wie Lippenhuzen noch in echt boeredoarp. Yn 1883 wurdt der in lânbouferiening oprjochte ûnder de namme “ Nut en Genoegen “ Ik nim oan, dat it inisjatyf dêrta útgien is fan Plaatslik Belang om ‘t it earste bestjoer foar it grutste part ek bestjoersleden fan Plaatslik Belang binne. Neist gearkomsten oer it bedriuw organisearret Nut en Genoegen in oantal grutte lânboutentoanstellingen. Folle is der net fan dy klup bekend en ek net wannear ‘t dy eindige is.

Fan in oare boere-organisaasje, de ynkeapkoöperaasje CVtAL “Coöperatieve Vereniging tot Aankoop van Landbouwbenodigdheden te Lippenhuizen,”oprjochte yn 1898, is dat wol bekend, offisjeel yn 1948, mar al earder wienen de aktiviteiten oergien nei de Caf,
“ Coöperatieve Aankoopvereniging Friesland “.
De jonge boeren begjinne yn 1899 in eigen organisaasje “ De Jongerein “, fuortkaam út lânboukursussen, dy ‘t skoalmasters yn dy tiid fersoargen. Jierrenlang hawwe jonge boeren troch dy feriening kennis en erfaringen dield troch kursussen en byienkomsten. Letter kaam der ek mear ûntspanning en sport by en wienen fammen ek wolkom. It karakter fan de Jongerein feroare fan in boerejongereinorganisaasje yn in algemiene feriening, wêr ‘t elke plattelânsjongere wolkom wie.
Fan út dy Jongerein binne in pear kear keallefokferieningen ûntstien, mar boppedat yn 1962 in damesfuotbalklup en yn itselde jier in famkesôfdieling.
Yn dy jierren wie de Jongerein tige warber. Fanwege it 65 jierrich bestean yn 1964 organisearre Lippenhuzen in hiele grutte Jongereindei, mei sa’n 600 dielnimmers. Der waard û.o. fuotballe, oan atletyk dien,der wie in fotowedstriid, kabaret, dûnsjen en ek noch in sprekker. Fan út dy Jongerein is yn 1974 Teenoklup “ De Oase “ ûntstien, letter oergien yn it no funksjonearjende jeugdwurk. Neist de neamde Jongerein is der krekt nei de oarloch yn 1947 noch in skoftsje in ôfdieling aktyf west fan it “ Boun fan Frysk Nasjonale Jongerein “. Hoe as dat krekt sitten hat wit ik net, mar ik ha ynformaasje oer in ôfdieling Lippenhuzen-Himrik, mar ek fan in ôfdieling Lipppenhuzen-Terwispel. It komt my wat frjemd oer, mar der sil wol in ridlike ferklearring foar wêze.